Stefan Boersma vertrekt zondag naar Atlanta voor het WK CP-voetbal. (Foto: RTV Spannenburg)
Stefan Boersma uit Joure reist zondag af voor het WK CP-voetbal in de Verenigde Staten. Een toernooi voor spelers die als gevolg van een hersenbeschadiging een motorisch probleem hebben. De laatste twee jaar was Stefan alleen nog maar actief als keeperstrainer.
Nadat hem in mei van dit jaar werd gevraagd om weer aan te sluiten bij de A-selectie, traint hij in aanloop naar het WK twee keer per week mee met het eerste elftal van VV Aengwirden.
Het is op deze dinsdagavond in oktober prachtig weer, wanneer we voorafgaand aan de training op het complex van VV Aengwirden in Tjalleberd spreken met Stefan Boersma uit Joure. Hij heeft Cerebrale Parese (CP). “As gefolch fan in harsenbeskeadiging by myn berte is de linkerhelte fan myn harsens oantaast. Dêrtroch is de rjochterkant fan it lichem motoarysk minder ûntwikkele”, legt hij uit.
Als klein jongetje wilde Stefan net als zijn broer graag voetballen. “Ik die earst mei oan it reguliere fuotbal. Eartiids koe ik net sa goed rinne fanwege myn motoryk. Dan wurdst al frij gau yn de goal set. Dat bliek ik hiel goed te kinnen en noch leuk te finen ek”, vertelt Stefan.
Op 12-jarige leeftijd gaat Stefan met zijn team spelen op een groot veld, met grote goals. “Motorysk die bliken dat ik dat minder goed oan koe. Mem hat doe om my hinne in G-fuotbalteam oprjochte, sadat ik wol gewoan fuotbalje koe.”
In die periode komt Stefan in aanraking met CP-voetbal. “It liket in soad op it G-fuotbal, allinnich is dat in paraplu foar alle beheinings, wylst it CP-fuotbal him rjochtet op spilers dy’t in motoarysk probleem hawwe as gefolch fan in harsenbeskeadiging.”
Op een gegeven moment traint Stefan een keer mee met het CP-team in Zeist, waar alle nationale elftallen van de KNVB trainen. “Sûnt 2011 bin ik dêr belutsen rekke en sûnt dy tiid bin ik der net mear fuortgien.”
In 2012 maakt de Jouster zijn debuut in het Nederlands CP-elftal. Zijn eerste eindtoernooi speelt hij in 2013. “Yn 2014 hellen wy op it EK mei ús team in sulveren medalje. Dat wie de earste medalje sûnt tweintich jier, dus dêr bin ik grutsk op.”
Zijn absolute hoogtepunt was zijn deelname aan de paralympische spelen in Rio de Janeiro. “Dat is it heechst helbere foar in paralympyske sporter. Ik haw dêr sels net spile, mar ha der wol moaie oantinkens oan. De lêste twa jier ha wy op it EK en WK brûns helle, en dit jier geane wy wer foar in medalje.”
Eigenlijk was Stefan, die volgende week 32 jaar wordt, al gestopt met voetballen. “Ik wie de ôfrûne twa jier keeperstrainer fan de A-seleksje en de jeugd by de KNVB. De jeugd train ik noch altyd. Ek jou ik noch hieltyd keeperstraining by de fuotbalakademy op De Jouwer op snein oan jonges en famkes tusken de 6 en 13 jier âld. Dat is superleuk om te dwaan, sy wolle graach ekstra dingen leare.”
Na drie jaar keert hij dus weer terug bij het nationale CP-team, dat uit veertien spelers bestaat. “By dizze foarm wurdt der op in lytser fjild spile, en spilest 7 tsjin 7. De goals binne lytser en der is gjin bûtenspul”, legt hij het verschil uit met het reguliere voetbal.
“CP-fuotbal is nea saai, der wurdt altyd skoard. Ik ha it wolris útsocht. By 500 ynternasjonale wedstriden is it mar trije kear 0-0 bleaun. Op dit WK hoopje ik ek wer op in soad goals, mar dan leaver net oan ús kant”, lacht hij.
Cerebrale Parese komt voor bij 1 op de 400 baby’s in Nederland. In de leeftijd van 10 tot 32 jaar zijn er 70 jongens met deze aandoening die voetballen bij nationale CP-selecties. Bij de vrouwen zitten 15 speelsters met CP bij de nationale selectie. Ook de vrouwen spelen medio oktober een WK in de Verenigde Staten. Beide toernooien worden gelijktijdig in Atlanta afgewerkt, al beginnen de dames iets later omdat dat toernooi met acht deelnemende landen korter is. Het mannentoernooi start op 14 oktober 2024 en eindigt op 24 oktober. De eerste poulewedstrijd voor oranje is op 14 oktober tegen Schotland. Op 16 en 18 oktober wordt er nog gespeeld tegen Canada en gastland Amerika. Alle wedstrijden worden in de Nederlandse nacht gespeeld en zijn online te volgen via het YouTube-kanaal van de IFCPF.
Om fitter te worden sluit Stefan sinds mei van dit jaar aan bij de trainingen van het eerste elftal van VV Aengwirden uit Tjalleberd. “Doe’t ik werom frege waard foar de A-seleksje bin ik op syk gien nei in klup om my ta te rieden op it WK. Fia myn broer bin ik yn Tsjalbert telâne kaam, om’t in kollega fan him hjir trainer is.”
Sindsdien traint hij op dinsdag en vrijdag in Tjalleberd en op woensdag op de KNVB-campus in Zeist. “Ik bin hjir yn Tsjalbert goed opfongen, it is in leuk team mei leuke jonges. Ik fernim ek dat ik fitter wurden bin en ik doar no mear mei twa fuotten te fuotbaljen.”
Dat laatste is volgens hem één van de grote verschillen tussen een ‘reguliere’ voetballer en een CP-voetballer. “Reguliere fuotballers kinne mei twa fuotten goed fuotbalje, al hawwe sy faak wol 1 favorite foet. By in CP-spiler is ien lichemshelte minder goed ûntwikkele. Dêrtroch is de krêft faak oan ien kant minder. Yn myn gefal kin ik minder goed passe mei rjochts.”
Dan tot slot, wat zijn de verwachtingen? “Nije wike wurd ik 32 jier, de jongste spiler is 16, dus ik fiel my wol de pake fan it team”, laket er.
Dan serieus: “Wy hearre by de bêste fjouwer lannen. Dêrom ferwachtsje ik wol dat we mei in medalje thúskomme, wy gean yn alle gefallen foar de finale. Dit jier dogge der tolve lannen mei. Gewoanwei binne dat der sechstjin, mar net elk lân hat it budzjet om de reis – en ferbliuwskosten te beteljen”, legt Stefan uit.
Mocht de poulefase onverhoopt tegenvallen, dan wacht niet het vliegtuig naar Nederland. “Yn dat gefal spylje we noch trije wedstriden om de plakken 9 oant en mei 12. We spylje dus yn alle gefallen seis wedstriden. Dit is by paralympyske sporten gebrûklik.”
Pas vlak voor vertrek naar de Verenigde Staten hoort Stefan of hij eerste keeper is. “Mar wy geane der as team hinne. Dêrom ha ik ea ek foar fuotbal keazen. Ik wol as team prestearje en wy gean as team foar in medalje.”
Deze site gebruikt cookies.